Mariska Kramer twad by duatlon

20 jan 2008 - 14:24

Mariska Kramer út Drachten is twadde wurden by de duatlon op Lanzarote. Dizze ynternasjonale duatlon wie sterk beset om't in soad topatleten har tariede op it nije seizoen.

Al by it earste draafûnderdiel siet Kramer yn de kopgroep mei noch twa oaren. By it fytsen naam de Nederlânske Yvonne van Vlerken de lieding. Se waard earste mei 1.06.24. Kramer kaam yn 1.07.25 binnen nei in spannende sprint tsjin Csomor.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)