Fytser Fryskepeallen ferstoarn

© Omrop Fryslân
In man (23) út Fryskepeallen is sneontenacht nei in ûngelok stoarn. In man (43) út Een West ried op de Kromhoek doe't er in hurde klap hearde. Hy stoppe en seach in fyts, mar gjin persoan. Nei in syktocht troch buertbewenners en helptsjinsten waard it slachtoffer yn in sleat neist de dyk fûn.
Yn kritike tastân is it slachtoffer nei it sikehûs yn Grins brocht. Dêr is er letter oan syn ferwûnings stoarn.