Woudagemaal ynset

it Woudagemaal is ynset om it wetter fuort te pompen
Wetterskip Fryslân hat de help ynroppen fan it Woudagemaal by De Lemmer om it reinwetter fan de ôfrûne dagen fuort te pompen. Sneontejûn is it iennichst noch wurkjende gemaal fan Nederlân op stoom brocht. Tongersdei waard al it Hooglandkanaal by Starum yn wurking set.
Troch it reinwetter en de hurde wyn is it wetterpeil yn de Fryske boezem te heech. It Woudagemaal draait yn alle gefallen de hiele wike.