Brân yn touringcars

20 jan 2008 - 08:27

Op It Hearrenfean binne sneontejûn twa touringcars en in tal auto's útbaarnd. De brân is ûntstien troch in technysk mankemint yn ien fan de bussen en is oerslein nei de oare bussen en auto's. De brânwacht wie gau te plak, mar koe de auto's en bussen net mear rêde. Net ien rekke ferwûne.

Mei de bussen en auto's waarden gasten fan sponsors nei de WK Sprint yn Thialf tabrocht. Mei ferfangend ferfier binne se wer thúsbrocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)