Flyers winne yn Amsterdam

© Omrop Fryslân
De iishockeyers fan de Vadeko Flyers ha nei it ferlies fan ôfrûne woansdei yn de bekerfinale de trie yn de kompetysje wer goed oppakt. Yn en tsjin Amsterdam waard mei 7-2 wûn.
De Flyers moasten it dwaan sûnder Hans Kroon en Marco Postma. By it ynspyljen die bliken dat se net meidwaan koene. Troch it ferlies fan Tilburch in dei earder yn en tsjin Den Haach ha de Feansters de kopposysje wer steviger yn hannen.