Winst Jeremy Wotherspoon

© Omrop Fryslân
De grutte favoryt Jeremy Wotherspoon hat op it WK sprint de earste 500 meter wûn. De Kanadees die dat yn in nij baanrekord: 34,81. Dat wie ien hûndertste rapper as it âlde rekord fan de Koreaan Kang-Seok Lee. Dizze Lee waard no tredde. Kyou-Hyuk Lee siet dêrtusken mei in twadde plak.
Jan Bos (35,24) waard op in dield sechsde plak de bêste Nederlanner. Jacques de Koning waard 12e, Simon Kuipers 14e en Lars Elgersma 21ste.