Oerlêst jeugdketen falt ta

Sûpkeet by Nes (Dongeradiel)
It falt wol ta mei de oerlêst troch de jeugdketen op it plattelân. Dat docht bliken út ûndersyk fan de provinsje en de plysje. Der is ûndersocht oft der mear fandalisme, geweld en ferkears- ûnfeiligens is by de keten.
De útkomst is dat dat tafalt. Wol is der soarch oer sûnensproblemen fan keetbesikers. Want der wurdt in protte drank brûkt, gemiddeld acht glêzen bier de persoan. De provinsje makket plannen om dit oan te pakken.