Jonge oppakt foar brânstifting

© Omrop Fryslân
In jonge (15) is oanholden om't er skuld hat oan in brân yn Ljouwert. Op 2 jannewaris fleach in hûs op de Boeierstrjitte yn 'e brân. Seis minsken dy't yn it hûs wiene, koene krekt op tiid bûten komme.
De 15-jierrige, dy't yn de buert wennet, hat de brân feroarsake troch fjoerwurk te smiten op in matras dat tsjin it hûs lei. De skea wurdt rûsd op 24.000 euro. De hiele benedenferdjipping rûn grutte skea op.