Mear oanholdings nei sjitterij

© Omrop Fryslân
Nei de sjitpartij tusken Antillianen op Nijjiersdei hat de plysje de lêste tiid noch twa manlju oanholden. Yn de Van der Weistrjitte waard yn de betide moarn fan Nijjiersdei in 23-jierrige man mei skotwûnen yn in auto fûn.
Yn de auto siet ek in 34-jierrige man, dy't as fertochte oanholden waard. Op 10 jannewaris waard in twadde man oppakt en op 15 jannewaris waard in 30-jierrige Ljouwerter oanholden. De 34-jierrige man is yntusken wer frij.