Wedstriid Kunstbende yn byb

19 jan 2008 - 12:14

Yn de biblioteek yn Ljouwert is sneon it startskot jûn foar de lanlike wedstriid fan de 'Kunstbende'. De wedstriid foar oanstoarmjend Frysk kreatyf talint giet dit jier syn 18e seizoen temjitte.

It tema fan dit jier is teater en film. Der waard ek in flústeraksje holden. De aksje begûn yn Ljouwert mei boargemaster Ferd Crone en einige yn Haarlem. Fia 600 dielnimmers waard telefoanysk in geheime sin oerbrocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)