Jenning Huizenga 2e yn LA

© Omrop Fryslân
Baanhurdfytser Jenning Huizenga fan Frjentsjer is twadde wurden op it ûnderdiel yndividuele achterfolging by de wrâldbekerwedstriden op de baan fan Los Angeles. Allinne de Amerikaan Taylor Phinney wie rapper. It ferskil: goed twa sekonden.
Jenning Huizenga, de Nederlânske kampioen op de achterfolging, hat mar ien doel foar eagen en dat is meidwaan oan de Olympyske Spelen dit jier yn Sina.