Brânbrief oer Sionsberg

18 jan 2008 - 20:16

Boargemaster Cazemier fan Dongeradiel hat mei seis kollega-boargemasters in brânbrief stjoerd oan minister Klink fan Folkssûnens. Dêryn roppe se de minister op om in wichtige finansjele taslach foar lytse sikehúzen yn stân te hâlden.

Foar Dongeradiel giet it om 3 miljoen euro minder foar sikehûs De Sionsberg yn Dokkum. En dat kin betsjutte dat der gjin jild mear is foar saken lykas spoedopnames.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)