Lichem Poortema freed werom

Jack de Vries yn petear mei Nederlânske militêren yn Kandahar
De lichems fan de yn Uruzgan omkommen korporaal Aldert Poortema fan Drylts en soldaat Wesley Schol út Assen komme freedtenacht oan op de fleanbasis Ljouwert. It transport wie útsteld yn ferbân mei it minne waar yn Uruzgan. Fleantugen koene net lânje op de ûnferhurde baan yn Tarin Kowt.
Nei in seremoanje op de fleanbasis wurde de lichems oerdroegen oan de famylje fan 'e militêren. Poortema wurdt 23 jannewaris begroeven.