Reuny 11-stêdetocht 1963

18 jan 2008 - 16:51

Yn Hylpen waard freed in drokbesochte reuny holden fan de legendaryske Alvestêdetocht fan 1963. It wie freed eksakt 45 jier lyn dat dy barre tocht ferriden waard. Winner wie doe de no 77-jierrige Reinier Paping, twadde Jan Uitham en tredde Jeen van den Berg.

Op de reuny makke foarsitter Wieling bekend dat de Alvestêdeferiening takom jier nei alle gedachten it predikaat keninklik krijt fanwege it 100- jierrich bestean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)