Passend ûnderwiis op Lichtbron

Kristlike basisskoalle De Lichtbron yn Bûtenpost wol nei de fakânsje mei in spesjale klasse begjinne foar learlingen mei in beheining. Direkteur De Jong tinkt hjirby oan bern mei it Down-syndroom, mar ek learlingen mei in oare beheining binne wolkom. De skoalle wol sa foarm jaan oan 'passend ûnderwiis'.
Neffens de skoaldireksje kin it foar soarch-learlingen krekt goed wêze om nei in gewoane basisskoalle te gean. De bern sille les krije yn in spesjale 'ynstapklasse'. Dy klasse komt der as der foldwaande belangstelling foar is.
Sân oanmeldings is yn prinsipe foldwaande om mei sa'n ynstapklasse te begjinnen. De skoalle krijt dêr dan in kwalifisearre learkrêft en in ûnderwiis-assistint foar. De ynstap-klasse fan De Lichtbron is yn prinsipe bedoeld foar bern út Bûtenpost en omkriten.