Hannel yn wyt en speed

18 jan 2008 - 10:17

De plysje hat tongersdei op de Dreef op it Hearrenfean twa auto's kontrolearre dy't mei de doarren oan de bestjoerderskant nêst elkoar stiene. De plysje rûkte in wyt-lucht en yn de auto fan in 30-jierrige Feanster waarden twa pûdsjes wyt en in wikkel speed fûn. Under in stoel fûnen se noch in echt lykjend fjoerwapen.

De fertochte is oanhâlden en nei it buro brocht en syn auto is yn beslach nommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)