Soad reaksjes op enkête

17 jan 2008 - 21:20

De enkête oer de fiskerijdagen yn Harns hat yn totaal 130 reaksjes oplevere. Ut de enkête docht bliken dat de mearderheid fan de minsken fynt dat it evenemint sa bliuwe moat, sa't it no is. Benammen it fjoerwurk en de saneamde Harnzerjûn dogge it goed by de Harnzers. Dochs hiene de minsken ek noch wol in tal nije ideeën.

De organisaasje fan de fiskerijdagen sil yn de kommende tiid besjen oft dy plannen helber binne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)