Fiskstreupers op Snitsermar

17 jan 2008 - 17:38

It spesjale fiskerijstreupteam fan plysje en AID hat woansdeitenacht twa manlju oanhâlden op 'e Snitsermar. Se wurde derfan fertocht netten útset te hawwen fan yn totaal 1 km lingte en dêrmei 200 kilo fisk fongen te hawwen. De fertochten hiene gjin fergunning foar sokke netten en ek gjin fiskakte.

In tredde man hat prosesferbaal krige om't er fisktúch hie dat er net hawwe mocht. De netten, de fisk en de boat fan 'e manlju binne yn beslach naam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)