Flat ûntromme nei gaslek

17 jan 2008 - 13:56

In flat oan de Esdoornstrjitte yn Ljouwert hat tongersdei in skoft ûntromme west fanwege in gaslek. It lek ûntstie troch noch ûnbekende oarsaak bûten de flat. Troch de krûpromtes streamde it gas de flat yn. De bewenners binne út 'e flat helle. Foar ien moast dêrby in heechwurker ynset wurde.

Essent hat it lek wer makke. Dêrnei mochten de bewenners werom. Se hawwe it advys krige goed te luchtsjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)