Skoalle Goaiïngaryp moat ticht

17 jan 2008 - 13:01

Iepenbiere basisskoalle It Slúske yn Goaiïngaryp moat ticht. Dat hat it ministearje fan Underwiis de gemeente Skarsterlân witte litten. It ministearje wol de skoalle gjin jild mear jaan, om't der sûnt oktober ferline jier minder as 21 learlingen binne. De lanlike noarm is 23.

Gewoanwei krijt in skoalle mei te min learlingen noch in pear jier útstel foardat er ticht moat. Om ûndúdlike redenen is dat no net sa.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)