Petear oer krityk Fier Fryslân

"Petear oer krityk Fier Fryslân"
It bestjoer fan frouljusopfang Fier Fryslân wol gau prate mei de ûntefreden meiwurkers nei oanlieding fan harren krityk op it bestjoer. Earder koe dat net om't de krityske meiwurkers anonym bliuwe woenen. Der is no lykwols in wurdfierder oanwiisd.
Nei it petear wurdt besjoen oft der in ûndersyk komt. Wethâlder Sluiter fan Ljouwert wol ek dat der in ûndersyk komt. De stêd jout jierliks 2 miljoen euro subsydzje oan Fier Fryslân.