'Mear ynfo oer weryndieling'

16 jan 2008 - 23:51

De ynwenners fan Nijefurd hawwe ferlet fan mear ynformaasje en diskusje oer in gemeentlike weryndieling. Dat die woansdei bliken op in gearkomste oer in mooglike weryndieling fan Nijefurd.

In soad ynwenners hiene fragen oer de ferskate opsjes. Foar de foarkarsopsje, ien grutte gemeente mei Snits, Boalsert en de súdwesthoeke, wie dêrom noch te min draachflak. De pleatslik belangen yn Nijefurd organisearje no diskusjejûnen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)