Afonso Alves hat 2 kontrakten

Der is in jildich kontrakt tusken AZ en Afonso Alves. Dat is de foarlopige konklúzje fan de arbitraazjesaak dy't AZ oanspand hat tsjin sportklub Hearrenfean. Probleem is dat Alves syn kontrakt by Hearrenfean noch net opsein hat.
Der is noch gjin útspraak dien nei oanlieding fan de arbitraazjesaak. Dêrtroch is it noch net dúdlik oft Hearrenfean meiwurkje moat oan in transfer fan Alves nei AZ.