Aris ferliest fan Nijmegen

16 jan 2008 - 22:05

Basketbalclub Aris Friesland hat troch in min tredde kwart ferlern fan Matrixx Magixx út Nijmegen. De einstân op It Kealledykje waard 95-88 foar Nijmegen.

Aris spile hielendal net min. Yn de earste helte hiene se hieltiid in lytse foarsprong. Nijmegen wûn it tredde kwart mei 36-26. Aris kaam op it lêst fan 70-87 werom oant 88-92. Troch it ferlies bliuwt Aris ien-nei-lêste.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)