Eksport faai troch Wildersfilm

boargemaster Crone fan Ljouwert
It útbringen fan de islamfilm fan Geert Wilders kin grutte gefolgen hawwe foar it Fryske bedriuwslibben. As der net oppast wurdt, stoart de eksport nei arabyske lannen finaal yn. Dat seit boargemaster Ferd_Crone fan Ljouwert. Neffens him is benammen Friesland Foods tige kwetsber foar saneamde Deenske tastannen.
Tiisdei stjoerde it kabinet in brief oan alle Nederlânske gemeenten mei de waskôging foar problemen.