Kadowinkel Talant giet ticht

16 jan 2008 - 15:03

De kadowinkel fan Talant yn Easterwâlde, de Flambouw, giet dizze simmer ticht. De winkel draait al jierren mei ferlies. De oarsaak is de sterke konkurrinsje fan oare winkels.

Dy ferkeapje guod tsjin prizen dêr't de Flambouw se net iens foar ynkeapje kin. De ôfrûne tiid is oan de hân fan aksjes besocht sluting foar te kommen. Dat die lykwols gjin fertuten. Foar de tsien Talant-meiwurkers yn de de Flambouw wurdt no oar wurk socht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)