Bankbus foarsjocht yn ferlet

De bankbus fan de Friesland Bank is in grut súkses
De bankbus fan de Friesland Bank is in grut súkses. It mobile bankkantoar lûkt alle moannen hast 700 besikers, dat komt del op sa'n 150 besikers yn 'e wike. De Friesland Bank is net de earste bank dy't har tsjinsten oanbiedt yn in bus. De Rabobank gie de bank al foar.
Dy is der ferline jier lykwols nei 22 jier mei ophâlden. De bankbus fan de Friesland Bank docht alve doarpen en ferskate fersoargingshuzen oan.