Twifels oer sjitpartij Uruzgan

16 jan 2008 - 14:41

Nederlânske kommandanten yn Uruzgan hawwe twifels oer wat der sneon krekt misgien is by gefjochten yn de buert fan Deh Rawod. Dat sei kommandant Geert woansdei op Radio 1.

By de gefjochten binne de 22-jierrige korporaal Aldert Poortema fan Drylts, in kollega út Assen en twa Afganen om it libben kommen. Nei alle gedachten hawwe eigen soldaten om de fjouwer man sketten. Wa't der krekt sketten hat is noch net dúdlik.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)