Oerfal tankstasjon foarkommen

16 jan 2008 - 09:44

In meiwurkster fan in tankstasjon oan de Juliusstrjitte yn Feanwâlden hat tiisdeitejûn in oerfal foarkomme kinne. In ûnbekende man mei in bivakmûts op kaam it tankstasjon binnen en easke jild fan de meiwurkers.

De meiwurkster wist de man nei bûten te wurkjen en de man naaide dêrnei út. De plysje hat yn de buert noch nei him socht, mar hat him net fûn. De oerfaller hie gjin wapen by him.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)