Start kampanje yn Fryslân

De Bovag begjint woansdei op it Hearrenfean mei syn lanlike kampanje 'Enter the T-zone'. De kampanje is bedoeld om mear vmbo-learlingen te ynteressearjen foar opliedingen yn de frachtweintechnyk.
De measte vmbo-ers leare op skoalle neat oer frachtweinen en kieze dêrtroch ek net foar in ferfolch-oplieding yn dy rjochting. Nei it Hearrenfean docht de kampanje ek njoggen oare skoallen oan.