Wymbrits betinkt Poortema

Aldert Poortema mei syn freondinnen Cheryl
De gemeenteried fan Wymbrits hat tiisdeitejûn de omkommen militêr Aldert Poortema út Drylts betocht. Mei in minút stilte stie de ried stil by syn dea.
Famyljeleden fan Aldert en in oantal freonen wiene oanwêzich by it earbetoan oan Aldert. Boargemaster Jacob Reitsma hâlde foar de minút stilte noch in koarte taspraak. It is noch bekend wannear't syn stoflik omskot nei hûs brocht wurdt.