Fries wol duorsum hûs ha

© Omrop Fryslân
Betelber, duorsum en enerzjysunich. Dy easken stelle Friezen oan nije wenten. Dat docht bliken út it Wenferletûndersyk fan de provinsje.
Goed 22.000 Fryske hûshâldens wurken oan dat ûndersyk mei. De útkomsten wurde brûkt by de útwurking fan nije bouplannen. Alle jierren komme der yn Fryslân 2000 nije huzen by. Ien fan de belangrykste easken fynt de trochsneed Fries dat sa'n hûs lang mei giet.