Argewaasje oer wurk A7 Snits

15 jan 2008 - 21:47

Tsientallen bewenners fan de Snitser wuk Dúnterpen kleie oer de wurksumheden oan de A7. Sânbulten fan hast 10 meter heech deun op de ruten ûntnimt de bewenners fan huzen ticht by de dyk alle útsjoch.

It duorret noch wol 4 moanne foardat de sânbulten derwei helle wurde. Earst moat it sân ynklinke. Op it sân wurde in fiadukt en in houten brêge oer de A7 oanlein. Dy komme úteinlik op sa'n 5 meter hichte te lizzen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)