No ek gordelvari's yn Aqua Zoo

De gordelvari yn Aqua Zoo
Dieretún Aqua Zoo by Ljouwert hat der wer in nij bist by. It is in gordelvari, in healaap dy't yn it wyld hast útstoarn is. Aqua Zoo hat no as iennichste Nederlânske dieretún twa sokke swartwyt-eksimplaren. Se komme op it pelikaaneilân te wenjen.
Gordelvari's libje yn it wyld inkeld op Madagaskar. Har gebiet dêr wurdt lykwols hieltyd lytser. Europeeske dieretunen hawwe no in fokprogram foar de bisten opset.