Pranjic tsjin Oranje

Danijel Pranjic is troch Slaven Bilic oproppen foar de oefenynterlân tsjin Oranje
SC Hearrenfean-middenfjilder Danijel_Pranjic is troch bûnscoach Slaven_Bilic oproppen foar de oefenynterlân tsjin Oranje. Bilic hat hast allinnich mar ´bûtenlanners´ útnoege. Allinnich Luka Modric fan Dinamo Zagreb spilet yn de Kroatyske kompetysje.
De wedstriid tsjin Kroaasje is de earste fan fiif oefenduels yn de oanrin nei it EK yn Eastenryk en Switserlân. Kroaasje - Nederlân wurdt op 6 febrewaris yn Split spile.