'Vroeg op stap' ek yn België

Myriam Loonen en Hannie Gorter fan 'Vroeg op stap'
De aksje fan de twa Fryske memmen foar eardere slutingstiden krijt neifolging yn Flaanderen. In oprop yn it populêre VRT-radioprogramma smiet in protte positive reaksjes op. De hoareka yn Vlaanderen neamt de aksje lykwols 'bememkjend'. De memmen moatte sels mear optrede tsjin de bern, fynt de hoareka.
Hannie Gorter en Myriam Loonen hawwe no 73.000 hantekens. Dat is genôch foar in debat yn 'e Twadde Keamer.