Untucht mei pisjende froulju

15 jan 2008 - 14:12

De plysje hat trije manlju oppakt foar ûntuchtige hannelings mei pisjende froulju. Se soenen tsien jier lang op doarpsfeesten froulju dy't bûtendoar sieten te pisjen, lestich fallen hawwe. De manlju begluorken harren fan tichtby of taasten harren yn it krús.

De fertochten binne tiisdei foarlaat oan 'e rjochter-kommissaris. It giet om in man fan 57 jier út Achtkarspelen en twa fan 39 en 67 jier út Smellingerlân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)