Fritz Korbach foar rjochter

Fritz Korbach
Fritz Korbach moat freed foarkomme foar dronken riden. Neffens de trainer is in anty-ferkâldheidsdrankje de oarsaak fan it te hege alkoholpromillaazje. De fuotbaltrainer waard augustus ferline jier op 'e Grinzerstrjitwei yn Ljouwert oanhâlden mei 2,5 kear safolle alkohol yn it bloed as tastien.
Korbach moast yn 2006 hast foar de rjochter ferskine fanwege it stellen fan in pakje rosbyf. De saak gie oer.