Cordis: noch gjin sosjaal plan

Cordismeiwurkers wachtsje noch altyd op sosjaal plan
By kateterfabryk Cordis yn Roden is noch gjin prinsipe-akkoart berikt. Fakbûn FNV Bondgenoten en de direksje hawwe de hiele nacht om 'e nocht oerlein. It fakbûn sil it einbod fan Cordis mei in neutraal advys foarlizze oan 'e leden, dy't it lêste wurd hawwe.
It Amerikaanske memmebedriuw wol de produksje fan Roden nei Meksiko oerbringe. Dêrtroch krije 800 minsken, ek in soad Friezen, dien.