Auto botst op frachtauto

© Omrop Fryslân
In 22-jierrige autobestjoerder út Jistrum is moandei ferwûne rekke by in ûngelok op 'e Betonwei yn De Harkema. Syn auto wie oan de ferkearde kant fan 'e dyk telâne kommen en waard oanriden troch in frachtauto. Troch de botsing kaam de Jistrumer fêst te sitten yn 'e auto. De brânwacht hat him derút helle. It slachtoffer is nei it sikehûs fan Grins brocht. De plysje siket minsken dy't it ûngelok sjoen hawwe.