Soad krityk op park Langwar

Der is in soad krityk op it plan om by Langwar in fakânsjepark oan te lizzen oan de súdkant fan de Langwarderwielen .
Pleatslik ûndernimmer Bauke Jonkman en Landal Greenparks wolle 350 wenten en tal fan foarsjennings oanlizze op 80 bunder grûn. De grutste krityk is dat it plan te grutskalich is en net past by de Lytse Langwarder Wwielen en it doarp Langwar.