Talantwinkels bliuwe iepen

27 mrt 2012 - 16:07

De trije supermerken fan Talant bliuwe dochs iepen. Talant woe fan de winkels ôf, omdat se net út koene. De supermerken wurde no oernaam troch de supermerkorganisaasje Support & Co. De kliïnten fan Talant kinne der oan oan it wurk bliuwe.

Talant hat supermerken yn Wurdum, Toppenhuzen, Eastersee en Aldeberkeap. Dêr soene trije fan ticht. No krije se in opknapbeurt en kinne se wer fierder. Support&co hat al mear fan sokke winkels yn Nederlân.

Yn Wurdum wie in aksje op tou set doe't bekend waard dat de doarpswinkel ticht moast. Der is sels jild ynsammele. Mar dat is allegear net mear nedich, ta ferromming fan klanten en meiwurkers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)