Luuc Eisenga nei Raboploech

14 jan 2008 - 15:41

Luuc_Eisenga wurdt de nije PR-manager fan ´e Rabobank hurdfytsploech. Eisenga(35) is al mear as tsien jier aktyf yn de hurdfytssport. De measte jierren as PR-funksjonaris.

De lêste tiid wie Eisenga technysk direkteur by de T-Mobile ploech út Dútslân. Dy ploech kaam yn dy tiid regelmjittich negatyf yn it nijs fanwege dopingskandalen. De oerstap nei de Rabobank liket in stap werom, mar neffens Eisenga is dat net sa.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)