Marktplaats:Slachtekaart frege

14 jan 2008 - 15:23

Op ynternetsides as Marktplaats.nl binne al ferskate fragen te finen fan minsken dy't op syk binne nei kaarten foar de Slachtemaraton. Sûnt moandei seis oere koenen minsken dy't de maraton kuierje wolle kaarten bestelle.

Dêr waard sa massaal gebrûk fan makke dat de kaarten yn trije oeren tiid útferkocht wienen. Minsken dy't moandei gjin kaarten krije koene, besykje dy no op ynternet te finen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)