P.Jelles: beswier tsjin boete

Piter Jelles hatneffens de ûnderwiisynspeksje net genôch oeren les joen
Skoalmienskip Piter Jelles yn Ljouwert sil beswier meitsje tsjin in boete fan 244.000 euro dy't de skoalle krigen hat. Op lokaasje Aldlân hat de skoalle neffens de ûnderwiisynspeksje yn skoaljier 2006/2007 net genôch oeren les joen. De skoaldireksje fynt dat de ynspeksje op de skoalle net soarchfâldich dien is.
Yn in brief oan alle meiwurkers skriuwt de direksje moandei dat de boetes net goed ûnderboud binne.