FNP wol ynsjoch Saailânprojekt

Wat is der al ynvestearre yn it Saailânprojekt en wat binne de konsekwinsjes?
FNP-riedslid Pier Tilma fan Ljouwert wol alle sifers fan it Saailân-projekt boppe tafel hawwe. Wat is der allegearre al ynvestearre yn it projekt en wat binne de konsekwinsjes as parten fan it projekt net trochgeane of as sels de hiele saak ôfblaast wurdt?
De FNP freget ynsjoch yn de sifers sadat de gemeenteried in goeie ôfwaging meitsje kin as de wethâlder yn april it nije bestek presintearret.