Smit saaklik lieder Tryater

Siart Smit wurdt de nije saaklik lieder fan Tryater. Smit hat in soad ûnderfining yn it teaterfak. Hy hat earder wurke as koördinator Publisiteit fan Toneelgroep Amsterdam en as projektlieder fûnsen- en sponsorwerving. De nije saaklik lieder wol soarge dat der mear jongeren nei foarstellings fan Tryater komme.
Ek wol der him ynsette foar mear gearwurking mei de Fryske teaters, ûnderwiis en kulturele ynstellings.