Slachtekaarten útferkocht

13.000 kaarten yn 3 oeren fersein
Moandeitemoarn om njoggen oere wiene alle 13.000 dielnimmerskaarten foar de Slachtemaraton fersein. Seis oere moarns gie de ynskriuwing los.
Eltse fiif minuten waarden 200 kaarten besteld. Ferline wike koene de hurdrinners en 'freonen' fan de Slachte al kaarten bestelle. Op 14 juny wurdt de kuiertocht fan Easterbierrum nei Raerd ferrûn oer de âlde Slachtedyk. Hurdrinners kinne harren noch wol ynskriuwe.