Dryltster omkaam yn Uruzgan

13 jan 2008 - 17:30

De 22-jierrige korporaal Aldert Poortema út Drylts is sneon om it libben kaam yn Afganistan. Poortema is sneuvele troch kûgels fan eigen troepen. Hy wie op ferkenningsmissy yn de buert fan de Nederlânske basis by Deh Rawod yn de Súd-Afgaanske provinsje Uruzgan.

It fjoergefjocht bruts út doe't by in hússiking wapens fûn waarden. Ek de Drintse soldaat Wesley Schol (20) kaam hjirby om it libben.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)