Utnaaid nei oanriding

13 jan 2008 - 17:17

De plysje hat sneontemiddei in Ljouwerter (18) oanholden nei't er útnaaid wie nei in oanriding. Hy wie mei syn brommer op in auto riden op de Julianaleane. De auto waard bestjoerd troch in 26-jierrige frou út Ljouwert.

Nei it ynfoljen fan it skeaformulier moast de fertochte legitimaasje sjen litte. Dêrop stie in oare namme. Dêrnei rûn er fuort en liet syn brommer achter. De plysje hat syn adres fûn mei gegevens fan de brommer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)